Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Taaltaske

It Taaltaske is in kadootsje fan de provinsje Fryslān foar jonge ālders by de oanjefte fan in berte. It projekt wol jonge ālders ynformearje oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it brūken fan de Fryske taal yn it bysūnder stimulearje. Sūnt 21 jannewaris 2008 wurdt it Taaltaske troch de Fryske gemeenten - śtsein de waadeilannen - oanbean by de oanjefte fan in berte.

It Taaltaske is in rźchsekje mei ferskate produkten. De ynhāld fan de de taaltaskes wurdt iderkear fernijd. De Afūk fersoarget de ynhāld, opslach en distribśsje fan de wolkomstpakketten.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje of nim kontakt op mei de Afūk. Belje Sjoukje Jager op 058-234 30 70 of stjoer in e-mail nei s.jager@afuk.nl.