Helpmiddels
De gemeente stiet as earste oerheid ticht by de boarger. Troch desintralisaasje en dêrmei útwreiding fan taken foar gemeenten sil der hieltyd mear kontakt wêze tusken boargers en gemeenten. Goede foarljochting, ynformaasje en stipe is dan ek fan belang foar sawol de boargers as de gemeente. Dat rint fan foarljochting oer ynfrastrukturele projekten en WMO-belied oant ûnderwiis en opfieding. Sokke ynformaasje kin fansels yn de gemeenterubryk stean, digitaal op de website of fia social media beskikber komme, mar der binne ek allerhande folders dy't en oar kant-en-klear materiaal dat sa ynset wurde kin. Hjirnjonken fine jo in tal helpmiddels foar de ynformaasjefoarsjenning oer meartaligens yn Fryslân.
|