Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Kommunikaasje

Yn tolve gemeenten binne Űfspraken makke oer de taalkar oan de tillefoan en achter de baly. Under oare yn de gemeente Ljouwerteradiel wurdt de tillefoan yn it Frysk opnommen. Yn de gemeente Eaststellingwerf is Űfsprutsen om it Nederl‚nsk as fiertaal te brŻken. Hoewol't net alle gemeenten der Űfspraken oer makke hawwe, wurdt yn s‚n gemeenten de tillefoan faak yn it Frysk opnommen.

Santjin fan de 21 gemeenten jouwe oan dat se yn it Frysk korrespondearje mei ferskillende ynstellings en boargers. Yn de measte gefallen giet it om folgjend taalbeleid, dat wol sizze dat de brieven dy't de gemeente yn it Frysk krijt yn it Frysk bešntwurde wurde.

De taalkar hat fansels ek konsekwinsjes foar de seleksje fan nije meiwurkers. De gemeente WŻnseradiel pleatst bygelyks personielsadvertinsjes yn it Frysk en Żnder oaren de gemeente Ljouwerteradiel ferwachtet fan nije meiwurkers al dat sy nei ferrin fan tiid it Frysk passyf behearskje. Meiwurkers fan trettjin gemeenten krije kursussen oanbean om harren feardichheden yn it Frysk te ferbetterjen.

Boarne: 'Gemeenten en Frysk; een overzicht van het Friese taalbeleid van de gemeenten in Frysl‚n volgens de criteria van het menusysteem' ķt 2008.