Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Yntern

Yn tsien fan de 21 gemeenten wurdt it Frysk as fiertaal brŻkt by riedsgearkomsten. Faak giet it dÍrby om meartalige gearkomsten. De gemeente Hearrenfean jout as iennichste gemeente oan dÍrmei noch oan de slach te wollen. Yn de oare tsien gemeenten wurdt it Frysk ynearsten net as fiertaal brŻkt yn de riedsgearkomsten.

Foar de notulen en beslutelisten jildt dat njoggen gemeenten dy yn it Frysk of meartalich opstelle. De gemeenten jouwe dÍrby oan dat de notulen skreaun wurde yn de taal dy't praat wurdt yn de gearkomsten. De gemeente Hearrenfean jout dÍrby as iennichste gemeente oan noch oan de slach te wollen mei dit Żnderdiel. De oare gemeenten geane dÍr ynearsten net mei oan Ďe gong.

De wurklisten wurde yn s‚n gemeenten yn it Frysk of meartalich opsteld. De oare fjirtjin gemeenten dogge dat net. De riedsstikken wurde yn acht gemeenten yn it Frysk of meartalich opsteld. De oare trettjin gemeenten dogge dat net.

Yn tsien gemeenten binne der kwaliteitseasken oangeande it Frysk fan de meiwurkers. DÍrby wurdt Żnderskied makke tusken baly- en beliedsmeiwurkers. Foar balymeiwurkers kin it sawol om passive as aktive behearsking fan it Frysk gean. De gemeente WŻnseradiel (Żnderwilens opgien yn de gemeente Sķdwest-Frysl‚n) jout bygelyks oan dat balymeiwurkers it Frysk aktyf behearskje moatte. By de gemeenten Wymbritseradiel (Żnderwilens ek opgien yn de gemeente Sķdwest-Frysl‚n) en Littenseradiel is passive behearsking in eask. Giet it by balymeiwurkers benammen om kwaliteitseasken, foar beliedsmeiwurkers is passive behearsking meastal foldwaande.

Boarne: 'Gemeenten en Frysk; een overzicht van het Friese taalbeleid van de gemeenten in Frysl‚n volgens de criteria van het menusysteem' ķt 2008.