Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Bestjoer

De aard en omfang fan it taalbelied fan de ferskillende gemeenten yn Frysl‚n Żntrinne inoar nochal. Om gemeenten yn 'e mjitte te kommen by it formulearjen fan taalbelied en om it taalbelied yn Frysl‚n ynsichtliker te meitsjen is dÍr in pear jier lyn in helpmiddel foar Żntwikkele: it menusysteem. De struktuer fan it menusysteem is Żntliend oan it Europeesk H‚nfÍst foar Regionale talen of Minderheidstalen. Dat h‚nfÍst is it wetlike ramt foar it fieren fan belied troch de lidsteaten op it mÍd fan it befoarderjen en beskermjen fan de regionale talen en talen fan minderheden.

It menusysteem bestiet ķt seis Żnderdielen: bestjoer, Żnderwiis, kultuer, media, sosjaal-kultureel wurk en sŻnenssoarch. Mei help fan it menusysteem kin in gemeente op in ienf‚ldige wize besteand belied fÍstlizze, mar ek sjen wÍr't besteand belied ferbettere wurde kin en wÍr't eventueel nij belied winsklik is.

De ynh‚ld fan dizze website is basearre op it menusysteem. Sa fine jo de seis Żnderdielen fan it menusysteem werom yn de tabblÍden fan dizze website.

By elk Żnderdiel wurdt ferwiisd nei it Żndersyk ĎGemeenten en Frysk. Een overzicht van het Friese taalbeleid van gemeenten in Frysl‚n volgens de criteria van het menusysteem' fan de provinsje Frysl‚n. DÍrby is it fan belang om te witten dat net alle Fryske gemeenten dielnommen hawwe oan dat Żndersyk en dat in oantal gemeenten op 1 jannewaris 2011 opgongen binne yn de gemeente Sķdwest-Frysl‚n. Dat binne de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en WŻnseradiel.